Mear Friezen nei itensbank, mar lanlik sjoen minder kliïnten

17 mrt 2016 - 16:00

Hieltyd minder minsken gean nei de itensbank, mar dat jildt net foar Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan Voedselbanken Nederland.

Yn it hiele lân sakje de oantallen, mar Friezen hawwe de help krekt mear nedich. Dat komt omdat it ekonomysk werstel yn it Noarden net sa hurd giet as op oare plakken, seit Jan Lunshof fan de itensbank yn Ljouwert. Boppedat hawwe de lêste jierren hieltyd mear minsken in berop dien op itensbanken om't sy dat earder net doarden. In foarbyld dêrfan binne ZZP'ers dy't earder in fêste baan hiene en no net mear.

Neffens de oerkoepjende organisaasje fan itensbanken hat de lanlike delgong benammen te krijen mei nij belied. Ut sifers fan it Sintraal Kultureel Planburo docht bliken dat it tal minsken dat yn earmoed libbet, wol omheechgiet. De itensbanken hawwe ôfrûne jier stranger kontrolearre op de termyn dat minsken help krije kinne. Dat kin op syn heechst trije jier.

Lunshof fan de itenbank yn Ljouwert seit dat, as minsken nei trije jier dochs noch help nedich binne, dat harren yn Ljouwert net wegere wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)