Famkes yn Burdaard leare mear selsbetrouwen te krijen

Yn Burdaard wurdt freed it projekt GewoonIK lansearre. Dat hat as doel famkes tusken de 11 en de 15 jier mear selsbetrouwen te jaan. Se moatte harren net mear sa gau liede litte troch wat oaren fan harren fine.
GewoonIK bestiet út in lesprogramma op skoalle, en de omjouwing fan de famkes wurdt der ek aktyf by belutsen. Op plakken dêr't proefdraaid is, hat bliken dien dat famkes minder pleage wurde, neidat se meidien hawwe.