Prins Bernard Cultuurfonds ferdielt 80.000 euro

17 mrt 2016 - 13:40
  • Welcome to the Vilage 2014

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân jout goed 82.000 euro oan ferskate kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje. Sa krijt Welcome to the Village 7500 euro foar it festival fan dit jier. Der giet 12.500 euro nei it Ljouwerter City Proms Festival en nei de konserten foarôfgeand oan dit festival.

Fierder is der in bydrage fan 3500 euro foar de Stichting Opera Spanga en inselde bedrach foar de keunstmoanne op It Amelân. Foar de restauraasje fan it oargel yn de tsjerke fan Skraard is 2500 euro frijmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)