SC Cambuur hat 18 ôfrinnende spilerskontrakten

17 mrt 2016 - 12:47

Cambuur hat gjin spilers mei trochrinnende kontrakten dy't in klausule yn it kontrakt hawwe dat se fuort meie as de Ljouwerters degradearje. Dat seit technysk direkteur Henry van der Vegt.

By Cambuur rinne op 1 july 18 kontrakten ôf. Wat der mei dy spilers bart is noch ûnbekend. Foar 1 april moat Cambuur witte litte oft se ferlinge wolle. Yn sommige kontrakten stiet in opsje foar in ferlinging. Mar Van der Vegt wol noch net sizze oft dêr by bepaalde spilers gebrûk fan makke wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)