Tankauto mei ôffalwetter op syn kant op rotonde by Drachten

Op de rotonde tusken it Noorderend en de Hegebrechsterleane by Drachten is tongersdeitemoarn in tankauto mei ôffalwetter kantele. It is noch ûnbekend wat de oarsaak fan it ûngelok is. De sjauffeur kaam neffens de plysje mei de skrik frij.
De rotonde is ôfsletten en it ferkear wurdt omlaat. De tankauto moat fuorttakele wurde en neffens de plysje kin dat wol even duorje.