Kollum: "Partij voor de dieren"

17 mrt 2016 - 08:55

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"De kâns is oanwêzich dat dizze kollum my der net populêrder op makket by Marianne Thieme en har geastferwanten. Dat is dan mar sa.
De wolfeart hat ús in soad goeds brocht. Nettsjinsteande de tanimmende twadieling yn de Mienskip, dêr wie er al wer, de Mienskip, is der ek in oar wurd foar te betinken, want Mienskip krij ik sa stadichoan jokte fan. Mar ik dwaal ôf, sa as it gros fan de minsken fan de tsjerken ôfdwale, mar dêr kin ik it in oare kear wol oer ha.

Ien fan de kwaliker saken dy’t de wolfeart ús brocht hat, is de Partij voor de Dieren. As je je sa’n hobbyklupke feroarloovje kinne, moat it hjir wol foar wûnder gean. As je wurden as eutanisearjen, bevallen en overlijden yn ferbân bringe mei in brúnfisk, ko of hûn is der net al te folle om je soargen oer te meitsjen yn Nederlân. As we mei in biste ambulânse nei in oanriden kikkert ride kinne, is der mei de útstjit fan broeigassen yn dit lân ek hielendal neat mis, oars hienen de miljeuklups der wol boppe-op sitten. Nee, de biste-emo hat hjir mei Thieme en har twawanten yntree dien. Ek de vega ekstremisten krije alle frijheid om siden fol te kalkjen yn de lokale kranten. It realisme is dêryn safier te sykjen dat ik de moed mar opjûn ha om dat proaza te lêzen. As der in fersopen hûn yn in Ljouwerter wetterke fûn wurdt, is de wrâld hast te lyts. Mar ik gean der fan út dat 99% fan alle sjoernalisten dy’t dêr in megasaak fan makke ha, jûns gewoan in karbonaadsje of in lekker fiskje ophaffele ha. Want dy leinen al foarferpakt by de Jumbo yn it skap, en dus is dat oars, no? De kommentaren yn de media en op foarums as der in dea bist fûn wurdt, binne neffens my it ultime bewiis dat de minsken al mar fierder fan de natuer ôf komme te stean. It soe samar sa wêze kinne dat der in generaasje bern grut wurdt dy’t net mear begrypt dat de kypfilet ek gewoan fan in bist komt. As je je dêr foar ôfslute en nea fierder komme as de stêd, is dy kâns oanwêzich.

Tafallich belle ik ferline wike efkes mei Hylke Speerstra. Hy hie it op in gegeven momint oer ôffearnjen. Ik sei tsjin him, Hylke, wa fan de sjoernalisten en oare ynwenners fan Fryslân wit noch wat dat wurd betsjut? De djipfriezen en âldere boeren sille wy mar efkes bûten beskôging litte, mar foar alle oaren: ôffearnjen betsjut, in noch net berne keal libben en wol yn de baarmoeder fan de ko yn stikken seagje, omdat in natuerlike berte net mooglik is. Dat wie eartiids de iennichste wize om de ko te rêden as it keal te grut wie. Dêr waard net oer praten. Ek net oer jonge katten. As der tefolle kamen, moasten dy opromme wurde. Klear. En ik wik jimme dat dat noch alle dagen bart. Fier út it sicht fan kamera’s en Marianne Thieme en har oanhingers. Want litte we wol wêze, dea is dea. Offearnje wie net moai wurk, mar it moast. Alle opskuor oer in deade hûn is mar relatyf, yn Sina ite de minsken hûnen. En hjir ite wy alle soarten fleis. Ik kom net sa faak yn in supermerk, mar as ik der kom, mei ik graach efkes by de slachtersôfdieling del rinne. As ik dan in moaie speklappe sjoch, wit ik dat dy fan in baarch komt. Of in moai stik kofleis fan in ko, dy’t in dei as wat earder noch boe sei. Dy baarch en dy ko binne troch in slachter deamakke, de jas útdien, yn stikjes snijd en klearmakke om der lekker fan te iten. En nochris, al dy emostikken en byhearrende bylden oer in deade brúnfisk en in fersopen hûn binne swier oerbeljochte. Want baarch en ko wienen krekt like goed bist oant se feroaren yn in produkt dat troch it gros fan de koppenmakkers yn kranten en op tv alle jûnen smaaklik opiten wurdt. It iennichste ferskil is dat jim it net sjogge. En wat jim net sjogge, bart ek net? Strúsfûgels fertoane ûngefear itselde gedrach. Wat sichtber is oan de kaak stelle en opblaze, mar foar it oare stekke wy de kop yn it sân. Tink dêr mar ris oan as it waar sa opknapt is dat de barbekjû wer foar it ljocht komt en jim der in lekker lapke op lizze."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)