Dronken Dútser yn Ljouwert fan de dyk helle

© ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Ljouwert it rydbewiis ynnaam fan in 26-jierrige Dútser dy't dronken achter it stjoer siet. De man waard op de Voorstreek oan de kant setten. Op it plysjeburo die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn Nederlânske rydbewiis is yn beslach naam. Ein juny moat de Dútser foar de plysjerjochter komme.