Mear as 400 boeren op LTO-jûn oer fosfaatmaatregels

17 mrt 2016 - 00:26

Fryske melkfeehâlders belibje de nije fosfaatmaatregels fan steatssiktaris Martijn van Dam hiel ferskillend. Dy maatregels hâlde yn dat de boeren mei yngong fan 2018 tusken de 4 en 8% minder stront produsearje meie. Minder stront betsjut ek minder fee. Net ien is bliid mei dy maatregel.

Guon boeren tinke dat se der fierder mei kinne troch der no al rekken mei te hâlden, mar der binne ek guon dy't der sels oer prakkesearje om op te hâlden fan buorkjen. De grutte LTO-jûn op It Hearrenfean luts woansdei mear as 400 boeren.

Dy krigen earst wiidweidich útlis oer de foarstellen fan Van Dam fan LTO-bestjoerders en -eksperts. Nei it skoft koene der fragen steld wurde. Dy wiene foar in part ek frij technysk fan aard, want noch net foar eltse boer is it folslein dúdlik wat de gefolgen fan de nije maatregel foar it eigen bedriuw betsjut. Foar fierwei de measte bedriuwen betsjut it minder stront en minder kij, mar bedriuwen mei yn ferhâlding mear grûn kinne noch wol útwreidzje as se wolle.

Soad jonge boeren

Op de jûn wiene ek in opfallend soad jonge boeren. Foar harren wurde de fosfaatrjochten - lykas yn it ferline de superheffing - in realiteit dêr't se rekken mei hâlde moatte. De LTO-saakkundigen hâlde der rekken mei dat de fosfaatmaatregels wolris jierren fan krêft bliuwe kinne. Mar earst is de polityk oan set. De Twadde Keamer sil de fosfaatmaatregels yn april beprate. De LTO hopet dat de kristlike politike partijen - dy't nedich binne foar in mearderheid yn de Earste Keamer - by steat binne om de skerpste kantsjes fan it foarstel ôf te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)