Friezen oan de lieding by kampioenskip Frysk damjen

16 mrt 2016 - 21:43
  • Kooistra (l) tsjin Tiemensma mei boargemaster Van Zuijlen en organisator Walinga
  • Borghetti (l) en Zijlstra op it iepen kampioenskip Frysk damjen

By it iepen kampioenskip Frysk damjen yn Frjentsjer gean de Fryske spilers oan de lieding. Jelle Wiersma, Foeke Tiemersma en Folkert Groenveld stean nei trije omgongen mei trije punten boppe-oan. De organisaasje ferwachtet dat de ynternasjonale toppers tongersdei in ynhelslach meitsje sille.

It toernoai wurdt neffens de organisaasje ek online goed folge. Tûzenen besikers folgje de wedstriden wrâldwiid fia de livestream.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)