"Histoarysk ûndersyk yn grinsregio better ôfstimme"

De gebouwen fan de Fryske Akademy
Histoarysk ûndersyk oan wjerskanten fan de grins: dat is it stribjen fan in Dútsk-Nederlânsk skiednisnetwurk dêr't woansdei mei úteinset is. Fertsjintwurdigers fan sa'n tweintich organisaasjes, wêrûnder de Fryske Akademy en de Waddenacademie, kamen yn it Dútske Leer byinoar op de presintaasje fan de earste ûndersyksresultaten.
It netwurk wol de gearwurking oan wjerskanten fan de grins befoarderje yn it ûndersyk nei kultureel erfgoed en regionale skiednis.
Neffens Marijn Molema, histoarikus by de Fryske Akademy en inisjatyfnimmer fan it netwurk, kin it histoarysk ûndersyk yn de grinsregio better opinoar ôfstimd wurde. ''Historisch onderzoek in de grensregio richt zich nu vaak op dezelfde thema's'', sa seit Molema.
Troch in bettere gearwurking tusken de organisaasjes, moat it mooglik wurde it histoarysk ûndersyk yn de ferskate regio's mear opinoar oan te sluten.