Lotte-Ytsje (7) fynt earste ljipaai fan de jeugd by Koarnjum

16 mrt 2016 - 20:23
  • Lotte-Ytsje Hoekstra (7) mei it Sulveren Polske
  • Lotte-Ytsje mei deputearre Johannes Kramer

De 7-jierrige Lotte-Ytsje Hoekstra fan Stiens hat woansdei yn in stik maislân by Koarnjum it earste ljipaai fan de jeugd fûn. Lotte-Ytsje wie dêr te aaisykjen mei har heit. Dy fûn neat, mar Lotte seach it goed kamûflearre ljipaai wol. En sadwaande kaam deputearre Johannes Kramer woansdei oan 'e ein fan de middei nei Koarnjum om it aai te besjen en om Lotte it Sulveren Polske te jaan.

It wie foar de alfde kear dat it Sulveren Polske útrikt waard. It is in stimulearringspriis fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

It BFVW wol sa de belangstelling foar de greidefûgels by de jongerein stimulearje.

Under oanfiering fan Lotte-Ytsje gie it selskip it maislân yn om it nêst en it ljipaai te bewûnderjen. Neffens Anne-Simen Hoekstra, de grutske heit, is Lotte in echt bûtenbern en hie se der sels om frege om mei heit it lân yn te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)