Omrop Fryslân falt net yn de prizen by útrikking NL-Awards

16 mrt 2016 - 20:07
  • NL-Awards
  • De winners fan de Gouden NL-Award

De trije programma's fan Omrop Fryslân dy't nominearre wiene foar in NL-Award, binne net yn de prizen fallen. Dat waard woansdeitejûn bekend makke by de útrikking fan de Awards yn Ermelo.

Buro de Vries hat misgrepen yn de kategory bêste radioprogramma. De útstjoering oer it eilân Gryn en in kapper út Syrië waard ferslein troch RTV Rijnmond. Dy omrop wûn mei in radioprogramma oer de betinking Het Bombardement.

Tsjek hat de NL-Award foar bêste tv-programma net wûn. De priis gie nei it programma Beeldspraak fan Omroep Flevoland.

De priis foar bêste dokumintêre gie nei De Benno Tapes, in ko-produksje fan Omroep Brabant en Omroep West. De dokumintêre Rûchhouwers fan Wilfried Bijma wie ek nominearre, mar rûn de priis dus mis.

De Gouden NL-Award gie ek nei De Benno Tapes. Oan dizze kategory-oerstiigjende priis is in jildbedrach fan 2500 euro ferbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)