Skippers wolle feiligere Noarderbrêge yn Ljouwert

Der moat gau wat barre oan de feiligens by de Noarderbrêge yn Ljouwert. Dat fynt de Feriening Skippers te Ljouwert. De brêge is net feilich, sizze se. Ofrûne moandei rekke de mêst fan in skip swier skansearre, doe't it skip troch de brêge fear. Yn augustus foarich jier barde dit ek al.
De maat is fol foar de Ljouwerter skippersferiening. Neffens foarsitter Herre Haarsma hawwe se de gemeente foarich jier al frege wat oan de situaasje by de Noarderbrêge te dwaan, mar ûndernimt de gemeente net genôch aksje.
Se litte no yn in brânbrief oan de gemeente witte, dat der gau aksje ûndernaam wurde moat om de feiligens te ferbetterjen. De gemeente Ljouwert hat noch net ynhâldlik reagearre.