Jurgen Streppel is bliid mei 'promoasje' nei SC Hearrenfean

Trainer Jurgen Streppel is bliid dat syn oergong nei Sportklup Hearrenfean lang om let rûn is. Streppel sjocht de stap fan Willem II nei Hearrenfean as promoasje. Boppedat fynt er dat de klup by him past. "Heerenveen is een nuchtere club en ik ben een nuchtere trainer", sa seit er. Hy hat al mei technysk manager Hans Vonk praten oer de mooglikheden foar kommend seizoen. Vonk seit op syn beurt wiis te wêzen mei Streppel as nije trainer takom seizoen.
Streppel is in trainer dy't oanfallend en attraktyf fuotballe wol en makket graach jonge spilers better. En dêr stiet Sportklup Hearrenfean al jierren om bekend, seit Vonk. Jurgen Streppel tekenet in kontrakt foar twa seizoenen. Mei dit seizoen derby rekkene, hat er yn totaal fiif jier by Willem II oan it roer stien.
De offisjele presintaasje fan Streppel yn it Abe Lenstrastadion sil yn in letter stadium plakfine. Streppel moat Willem II earst noch hoedzje foar degradaasje.