Ombudsman tikket Tytsjerksteradiel op 'e fingers

16 mrt 2016 - 16:08

De gemeente Tytsjerksteradiel moat syn meiwurkers der op wize dat se net samar persoanlike en medyske gegevens trochjaan meie oan oare ynstânsjes. Dat is it oardiel fan de Nasjonale Ombudsman, nei in klacht fan in ynwenner. Dy frege by de gemeente om bysûndere bystân, omdat er foar behanneling nei de GGZ reizgje moast. De gemeente benadere dêrnei de GGZ-ynstelling en wiksele medyske en persoanlike gegevens út, sûnder dat dêr eksplisyt tastimming foar jûn wie.

De ombudsman fynt dat dat yn striid is mei de wet foar de beskerming fan persoansgegevens. Ek soe der hielendal gjin needsaak west ha om de ynformaasje troch te jaan. De ynwenner hie eardere klage by de gemeente Tytsjerksteradiel sels, mar dy wiisde syn beswieren ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)