Grutte belangstelling foar obligaasjes by JR Shipping Harns

16 mrt 2016 - 15:35

Rederijgroep JR Shipping yn Harns hat yn in pear dagen tiid 7 ton oan obligaasjelienings binnen helle foar nije projekten yn de skipfeart. Neffens direkteur Sander Schakelaar oertreft dat alle ferwachtings. It bedriuw wol yn totaal sa'n 2,5 miljoen euro garje foar nije inisjativen om de problemen yn 'e skipsfeartsyndustry oan te pakken.

Yn de ôfrûne jierren hawwe Europeeske banken beslach lein op hûnderten skippen. Dit komt benammen troch de ekonomyske krisis. De banken benaderje JR Shipping no om de skippen wer yn de feart te krijen.

Finansjele ynjeksje

"We zien verschillende bestedingsdoelen, bijvoorbeeld dat wij investeren in een goedkoop aangeboden schip, of wij proberen een hele vloot in beheer te krijgen. Daar kunnen wij dan werkkapitaal voor verstrekken," leit Schakelaar út. "We vragen ons daarbij voortdurend af of onze activiteiten meer opleveren dan wat wij er in pompen."

Mei it jild dat dit opsmyt soene skulden dan wer ôfbetelle wurde kinne. Schakelaar ferwachtet dat de rest fan de obligaasjelienings oan de ein fan dizze moanne binnen helle binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)