Auto fan fermiste Surhústerfeanster weromfûn yn Winschoten

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Winschoten de auto fûn fan in fermiste man út Surhústerfean. It giet om de 37-jierrige Joel van Bekkum. De man is tiisdei fuort gien fan hûs yn syn auto, in reade Opel Astra. Sûnt dy tiid ûntbrekt elts spoar. De syktocht nei de Surhústerfeanster giet dêrom troch. Der binne neffens de plysje grutte soargen oer syn wolwêzen.
Joel van Bekkum is 1 meter 90 lang, hat koart donkerblond hier, brune eagen en in piercing yn syn eachbrau.
De plysje hat tiisdei ek fia Burgernet in melding útdien. It fermoeden wie dat Van Bekkum yn de omkriten fan Midwolderbos by Winschoten te finen is. Neffens de plysje komt er dêr faker, sa sei plysjewurdfierder Ron Reinds tsjin RTV Noord: "Hij wandelt daar geregeld en we denken dat hij in die omgeving is. Hij vormt geen gevaar voor andere mensen, eerder zou hij zichzelf wat aan kunnen doen. Daarom maken we ons ernstige zorgen."