Archeologysk ûndersyk is klear: bou Tolhúspark kin begjinne

De bou fan it nije sportkompleks yn it Tolhúspark yn Dokkum kin fierder. By it archeologysk ûndersyk waarden resten út de stientiid fûn, lykas fjoerstiennen en in spearpunt. It ûndersyk hat útwiisd dat de fynsten goed bewarre bliuwe kinne yn de boaiem, alles hoecht dan ek net opgroeven te wurden. De fynsten binne yn kaart brocht en no kin de bou fan it nije sportkompleks begjinne.
De bou hat gjin fertraging oprûn, omdat bekend wie dat der bewenning út de stientiid west hat op dit plak. It kompleks ferfangt sporthal de Trimmer.