Plysje hâldt sân minsken oan by himpkwekerij Stynsgea

16 mrt 2016 - 12:06

De plysje hat woansdeitemoarn sân minsken oanhâlden yn in hûs oan de Willem Barteles van der Kooiwei yn Stynsgea, dêr't in himpkwekerij yn ûnderbrocht wie. De kwekerij bestie út hûnderten plantsjes. It guod is yn beslach naam.

De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in tip. De seis manlju en ien frou komme út it bûtenlân. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
himpkwekerij Stynsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)