Learlingen Maritime Akademy ûntwerpe opfallende ôffalbakken

15 mrt 2016 - 21:52

De Maritime Akademy yn Harns giet de striid oan mei rotsoai op strjitte. De boskjes tusken de skoalle en de supermerk lizze faak fol mei troep, ta argewaasje fan omwenners.

Learlingen hawwe dêrom ûntwerpen foar opfallende ôffalbakken makke. De minsken kinne der dan net samar oan foarbyrinne. Boppedat gean de learlingen alle wiken op 'en paad mei in griper en in pûde om it ôffal op te romjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)