FIDEO: Streppel wol Frysk kado noch net oannimme

15 mrt 2016 - 21:06

Trainer Streppel fan Willem II seach tiisdei ferheard op doe't in ferslachjouwer fan Omroep Brabant him opwachte mei in pûde mei sûkerbôle, bearenburch en Snelle Jelle-koeke. Dat soe dan in ôfskiedskado wêze, omdat Streppel de nije trainer fan SC Hearrenfean wurde soe. Mar hy woe it spul net oannimme. "Nog even mee wachten", sei er. "Hier moet je een andere keer voor terugkomen".

Streppel is yn oerlis mei SC Hearrenfean. Ferskate media melde dat woansdei de oerstap bekend makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)