"Twadde Keamer hat net goed neitocht oer keallebeslút"

15 mrt 2016 - 20:32

It liket derop dat it boerinneprotest yn Den Haag fertuten dien hat. Dat seit Nynke Koopmans fan Tytsjerk. Se is ien fan de boerinnen dy't tiisdei nei de hofstêd ôfreizge om te protestearjen tsjin in moasje fan de Twadde Keamer. Keamerleden hawwe sein dat keallen langer by de mem bliuwe moatte. Dat soarget foar in soad opskuor yn 'e melkfeehâlderij.

Neffens frou Koopmans is de moasje de Keamer úntkaam. "De Twadde Keamer hat hjir net bot oer neitocht. Ien fan de Keamerleden sei tsjin my dat it in 'slip of the pen' wie."

Mear as twahûndert boerinnen út it hiele lân setten ôf nei Den Haag, nei steatssekretaris Martijn van Dam. "Dy sil hjir no wol wat mei moatte" seit frou Koopmans. "Ik tink dat we him de eagen iepene hawwe."

Neffens de boerinne ferliket de Twadde Keamer in keal tefolle mei in minsk. It smyt allinnich mar stress op troch it kealtsje earst by de mem te hâlden en der letter by wei te heljen. Fuortendaliks skiede foarkomt ek feesykten.

De boerinnen ha de steatssekretaris in petysje oanbean, sadat er syn miening bystelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)