ANWB: Natuermuseum is 'leukste útstapke fan Fryslân'

Hilda Boesjes en Eijke Velema fan it Woudagemaal, Ellen Roetman fan it Natuermuseum Fryslan en rjochts de minsken fan it Kameleondoarp © ANWB
It Natuermuseum yn Ljouwert is troch de ANWB ferkeazen ta 'leukste útstapke fan Fryslân'. Ellen Roetman fan it museum krige tiisdei de earste priis út hannen fan Frits van Bruggen, haaddirekteur fan de ANWB.
Op it twadde plak einige it Woudagemaal op De Lemmer, en it Kameleondoarp yn Terherne waard tredde. Lanlik binne der goed 30.000 stimmen útbrocht op alle útstapkes yn hiel Nederlân.
De organisaasje fan de útferkiezing meldt oer it Natuermuseum Fryslân: "Een heel prettig museum. Er is veel te beleven, de kinderen vinden het een geweldig avontuur en er is van alles te ontdekken. Favoriet museum om als gezin te bezoeken."
It museum skoart op hast alle ûnderdielen (priis/kwaliteit, sfear, personiel, fasiliteiten en it oanbod) de heechste sifers en is dêrtroch winner wurden fan Fryslân.