Provinsje set yn op fersterking hannelskontakten mei KH2018

15 mrt 2016 - 19:54
  • It provinsjehûs

De provinsje Fryslân wol Kulturele Haadstêd 2018 brûke om nije ynternasjonale hannelskontakten op te dwaan. Yn dat jier moatte yn alle gefallen seis grutte hannelsdelegaasjes nei Fryslân ta komme. Dêrmei soe de eksport fan Fryske bedriuwen groeie moatte.

Neffens deputearre Sander de Rouwe bliuwt de hannel op dit stuit noch te bot achter.

De ôfrûne jierren hat de provinsje ferskate kearen mei in hannelsdelegaasje nei Sina ta west. It is de bedoeling dat yn 2018 benammen sjoen wurdt nei hannel mei lannen dy't wat tichterby lizze. Dan soe it bygelyks gean om de Dútske dielstaat Bayern (Beieren) en in lân lykas Italië. De provinsje hat jild frijmakke om sokke mooglike hannelsbesites ta te rieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)