Toerisme Polderhoofdkanaal krijt ympuls troch ynvestearrings

De gemeente Opsterlân en Pleatslik Belang Nij Beets stekke jild yn in ferbliuwsgebiet by it Polderhoofdkanaal. Sa wolle se it toerisme yn Nij Beets in flinke ympuls jaan. It ferbliuwsgebiet moat rekreanten oanlûke om de plezierfeart by it doarp te ferkennen en dêr bestegingen te dwaan.
Opsterlân stelt 150.000 euro beskikber. De provinsje draacht 50.000 euro by. De rest fan de finansiering wol Pleatslik Belang byinoar swylje troch fûnsenwerving.