Mear banen yn duorsume enerzjy troch mear ynvestearrings

Duorsum bouwe
De komme mear banen yn de sektor duorsume enerzjy yn Fryslân. Dat komt trochdat dêr mear yn ynvestearre wurdt. Foaral yn de bou- en ynstallaasjesektor is te sjen dat der mear duorsume bedriuwen en banen bykomme. Dat docht bliken út ûndersyk fan de stichting Energy Valley.
De groei is yn it hiele noarden te sjen, mar it measte yn Fryslân.