Animal Rescue Vehicle foar ûntromming fertutearze bisten

15 mrt 2016 - 16:21
  • Animal Rescue Vehicle

Yn Drachten stiet fan tongersdei ôf in grutte transportauto om bisten nei in opfang te bringen. De saneamde Animal Rescue Vehicle wurdt ynset by ûntrommings fan bygelyks fertutearze pleatsen yn it noarden. It stânplak fan de rêdingswein is it terrein fan diere-ambulânse De Wâlden.

Yn de frachtweinen sitte trije kompartiminten, sadat ferskate bistesoarten yn ien kear mei kinne. Dat jout minder stress foar de bisten. It jild foar de wein komt fan de Postcode Loterij. It is de bedoeling dat der sân fan sokke weinen yn hiel Nederlân komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)