Plan foar sinnepark mei 30.000 panielen yn Frjentsjer

15 mrt 2016 - 15:40
  • Sinnepark

De gemeente Frjentsjerteradiel wol in sinnepark mei goed 30.000 sinnepanielen pleatse. It park fan 10 bunder moat neist bedriuweterrein Kie yn Frjentsjer komme en 2200 húshâldings fan enerzjy foarsjen.

Boargemaster Van Zuijlen en Jelmer Pijlman fan it bedriuw Solarfields ûndertekenen tiisdei in yntinsje-oerienkomst. As foar it projekt subsydzje takend wurdt, kin de oanlis yn 2017 úteinsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)