City Rock Ljouwert makket earste bands bekend

15 mrt 2016 - 10:52

City Rock Ljouwert hat de earste bands foar de tredde edysje fêstlein. It giet om Queensrÿche, Kadavar, De Staat, John Coffey, DeWolff en De Hûnekop. Dy trede op 2 en 3 septimber op yn it Rengerspark.

It is foar it earst dat City Rock in eigen wykein hat. Earder wie it rockfestival foarôfgeand oan metalfestival Into the Grave. Beide festivals wreidzje dit jier út en dêrom binne se ek loskeppele.

Trefwurden: 
City Rock Ljouwert festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)