Flylân en Skylge betinke Ingelske oanfallen fan 1666

Flylân en Skylge riede harren ta op de betinking fan 1666, in rampjier foar de beide Waadeilannen. Yn dat jier hawwe de Ingelsen, ûnder de ferskate see-oarloggen tusken de Republyk en Ingelân, grouwélich húshâlden op de twa eilannen. Oer de krekte foarfallen wie lange tiid hast neat bekend, mar nei resint argyfûndersyk yn Ingelan, Frankryk en Nederlân is troch histoarisy mear ynformaasje fûn.
Grouwélichheden
De Waadeilannen wienen wichtich foar de hannel yn de santjinde-iuwske Republyk. Hast twahûndert skippen waarden troch de Ingelsen yn de brân setten en op Skylge waard it doarp West-Terschelling yn de brân stutsen. Ungefear 2000 seemannen kamen by de Ingelske oanfal om it libben.
Omtinken
Dit jier is it 350 jier ferlyn en dêr wurdt op de eilannen rom omtinken oan jûn. Sa wurde der lêzingen en kuiertochten organisearre, en komt der in betinkingsmonumint op Flylân. Ek wurdt op de skoallen fan Flylân en Skylge omtinken jûn oan it rampjier foar de eilannen.