Sportfjilden hawwe skea troch larven

14 mrt 2016 - 22:59

Larven, oftewol emelten, dûke wer massaal op yn in soad Fryske sportfjilden. Troch de waarme winter binne it der in soad en dêr komme fûgels op ôf dy't se opfrette. Dat smyt lykwols skea op oan de fjilden, ek yn Smellingerlân dêr't ferline jier foaral Drachtster Boys in protte lêst hie fan de larven fan de langskonkmich. Dizze kear binne fiif fjilden troffen wêrûnder in fjild fan V.V. Rottevalle.

De gemeente Smellingerlân besiket op biologyske wize de pleach te bestriden en tagelyk it gers te stimulearjen om goed troch te groeien.

De skea wurdt yn Smellingerlân allinnch al op sa'n 15.000 euro rûsd.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)