Ryksbeslút oer nachtlike Waadtaksy is útsteld

14 mrt 2016 - 21:10

Minister Schultz van Haegen kin noch gjin beslút nimme oer de nachtlike Waadtaksys. Dat skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer. Op besteande hurdfarrûtes foar oerdeis soene nachts ek wettertaksys farre moatte. Mar it Waadgebiet falt ûnder de natuerwet en feroarings meie inkeld as der gjin skealike effekten foar de natuer binne. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat skea oan de natuer yn dit gefal net útsluten wurde kin. Dêrom seit de minister dat se gjin beslút nimme kin.

Provinsjes kinne foar spesifike gebieten wol in fergunning ôfjaan.

Dy provinsjale fergunning is mooglik as oantoand wurde kin dat negative effekten yn dy gefallen útsluten wurde kinne. De minister sil it gebiet dan oanwize as farwetter yn de 'Regeling Snelle Motorboten Rijkswateren'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)