Holwerter hurdrider moat rydbewiis ynleverje

14 mrt 2016 - 20:18
  • De Klearkampsterwei by Rinsumageast

In 26-jierrige Holwerter moast moandeitetemiddei syn rydbewiis by de plysje ynleverje. Tsjin healwei seizen waard de automobilist op de Klearkampsterwei by Rinsumageast oanhâlden. Hy ried 118 kilometer yn de oere op in stik dyk dêr't 60 it maksimum is.

De man is syn rydbewiis kwytrekke en hy krige in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)