FIDEO: Jan Ykema lansearret keningsnûmer 100 meter sprint
By atletyk is der mar ien keningsnûmer: de 100 meter sprint. Mar by it reedriden bestiet dy ôfstân net iens. En dat moat oars, fynt Jan 'pikstart' Ykema. Tegearre mei Karsten van Zeijl lansearret er tiisdei in nij sprinttoernoai, dat yn Ljouwert plakfine moat: De Sulveren Bal.