Degradaasjeduel De Graafschap-SC Cambuur no al útferkocht

© Omrop Fryslân
SC Cambuur wurdt yn de degradaasjekreaker tsjin De Graafschap stipe troch in fol útfak. Yn seis oeren rekken alle 550 Cambuurkaarten moandei útferkocht. Troch help fan sân sponsoaren kostet in kaartsje mar 16 euro, wylst de normale priis 35 euro is. Dêrtroch kinne de Ljouwerters yn Doetinchem op in bomfol útfak rekkenje.
De wedstriid is op sneon 2 april op De Vijverberg yn Doetinchem. Cambuur stiet op dit stuit ûnderoan yn 'e earedifyzje. De Graafschap stiet ien plak heger, mei ien punt mear.