Taksyferfier yn 45 km auto's yn plak fan WMO-ferfier

14 mrt 2016 - 16:27

Alderein yn de Ljouwerter wyk Bilgaard hoecht tenei gjin djoere WMO-taksys mear te bestellen as se bygelyks nei it sikehûs wolle. Se kinne sa meiride mei trije elektryske auto's. Frijwilligers sitte oan it stjoer. De weintsjes ride earst in healjier op proef. De weintsjes kinne net hurder as 45 kilometer yn 'e oere.

Mei fjirtjin frijwilligers en sawat 25 kliïnten makket it taksyprojekt in fleanende start yn de Ljouwerter wyk.

It goedkeape taksyferfier is bedoeld om âldere minsken mear by de maatskippij te belûken. Yn Fryslân moatte goed fyftich sokke taksys komme, sa is it doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)