Holwert oan See docht mei oan wrâldekspo 2025 yn Rotterdam

Ympresje fan Holwert oan see
It projekt Holwert oan See sil meidwaan oan de grutte wrâldútstalling dy't yn 2025 yn Rotterdam heve sil. Ien fan de tema's op de ekspo is hoe't feroaringen yn deltagebieten stâl krije kinne. Neffens de organisaasje fan Holwert oan See passe Rotterdam en Holwert yn dat opsicht byinoar.
Op de foarige World Expo yn Milaan kamen mar leafst 21 miljoen besikers ôf. Rotterdam rekkenet oer njoggen jier op minimaal itselde tal.