Joost van Aken traint al wer mei by SC Hearrenfean

Joost van Aken © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De kâns is grut dat trainer Foppe de Haan sneon by de thúswedstryd fan SC Heerenveen tsjin Heracles wer in beroep dwaan kin op Joost van Aken. De blessuere oan de holle dy't de ferdigener oerhôld oan de wedstriid by PSV liket ta te fallen. Van Aken krige by dy wedstryd de knibbel fan in tsjinstanner tsjin de holle.
"Joost klaagde in de rust over hoofdpijn en kon met één oog niet goed zien", seit fysioterapeut Erik ten Voorde oer de blessuere. Van Aken sil moandei lykwols wer gewoan meitraine. As dat sûnder pineholle kin, is er ynsetber.