Fryske Akademy komt mei 'Dei fan 'e Fryske Letterkunde'

14 mrt 2016 - 11:16

De Fryske Akademy organisearret op 7 oktober de earste Dei fan 'e Fryske Letterkunde. Op dy dei is it 350 jier lyn dat it testamint fan 'e 'Fryske Shakespeare' Gysbert Japicx foarlêzen waard. Dichter en klassikus Piet Gerbrandy iepenet de dei. Hy hâldt ek in lêzing oer wat Gysbert Japicx de hjoeddeiske lêzer biede kin.

Fierder is der romte foar diskusje oer de Fryske literatuer. De Fryske Akademy wurket hjirfoar gear mei Tresoar, de Afûk, tydskrift De Moanne en it lektoraat Frysk en meartaligens fan de NHL Hegeskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)