Kollum: "Aaisikers sykje"

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.
"Wat wie er lilk net? Rendert Algra, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, reagearre freed poerrazend op de oprop fan de Faunabeskerming om foto’s te meitsjen fan aaisikers. Mei dizze foto’s wol foarsitter Harm Niesen fan de Faunabeskerming bewize dat der noch altyd minsken yn de Fryske greide omstrune om ljipaaien te sykjen. En dus die er in massale oprop oan ús Friezen: sjogge jo sa’n struner? Hup, foto meitsje en opstjoere. En sa ûntstiet der in hiele nije Fryske tradysje: ‘aaisikers sykje’.
It heart simpel, in foto meitsje fan in aaisiker, mar lykas by it oarspronklike ljipaai sykjen sitte der ek strange regels oan it ‘aaisikers sykjen’. Op de webside fan de Faunabeskerming stiet it folgjende te lêzen: “Wij roepen iedereen in Friesland op, om - van flinke afstand - zoekende mensen in het veld op de foto te zetten. En die foto, met tijd en plaats, aan ons toe te sturen. Liefst vanuit een auto met minimaal twee inzittenden." In hiel ferhaal, dus dêrom set ik de regels efkes foar jimme op in rychje. Alderearst jildt it aaisikers sykjen dus allinnich foar Friezen. Komst út Grinslân, Drinte of wit ik wêr wei en sjochst aaisikers yn it fjild om strunen, lit mar moai gewurde. Sterker noch: meist net iens it fototastel út de tas helje, want aaisikers sykjen is allinnich foar echte Friezen.
As twadde meist allinnich foto’s meitsje fan út dyn auto. Dus bist op it fytske in blokje om, en fytst lâns in stikje greide, dêr’t fyftich man massaal ljipaaien ûnder de pet stopje: GJIN FOTO’S. Sist ommers net yn de auto en dat is in strikte eask dy’t oan aaisikers sykjen steld wurdt. En dan komt it, want sels al sitst yn de auto, dan bist der noch net. Der moat nammentlik perfoarst twa minsken yn ‘e auto sitte. Dat stiet swart op wyt yn it reglemint fan Harm Niesen. “Minimaal twee inzittenden.” Huh, twa ynsitters, wêrom dat? hear ik jimme tinken. No sjoch, dat sit sa. De iene ynsittende makket de foto, wylst de oare de motor raze lit om sa gau as mooglik fuort te rubberjen as de ljipaaisiker jimme ûntdekt.
Wylde ljipaaisikers binne libbensgefaarlik. Dat blykt wol út de slotsin fan it reglemint. Harm Niesen fan de Faunabeskerming beslút syn pleit nammentlik as folget: “Het lijkt niet raadzaam om lang op één plaats te blijven. Confrontaties moeten te allen tijde voorkomen worden." Wa’t wol ris yn it Kruger Nationaal Park yn Súd-Afrika oanfallen is troch in wylde noashoarn, wit noch net heal wat ‘m te wachtsjen stiet as in wylde ljipaaisiker him yn it fizier kriget. Wylde ljipaaisikers hearre ta de meast gefaarlike soarte dy’t wy hjir op ierde hawwe. It gefaarlikste is nammentlik dat se sa ûnfoarspelber binne as in toiletjuffrou mei smetfrees. Ljipaaisikers lykje gewoanwei hiele kalme minsken, dy’t rêstich moarns in krantsje lêze en tee foar de frou sette. Mar fersin jimme net. As se har yn harren natuerlike libbensomjouwing bedrige fiele, dan kin it har samar yn ienen swart foar de eagen wurde. Dan steane se net mear foar harren sels yn."
Mar no komt noch wol it alderwichtichste. Stel, ik ûntdek in wylde ljipaaisiker en ik wit ‘m op ‘e foto te setten sûnder dat er my oanfalt en fermoarzele. Dan bist der noch net hè. Want dan moat fansels noch test wurde oft it wol in farsken ien is. Foar it selde jild is it in ljipaaisiker fan ferline jier. En dat jildt dan natuerlik net. Dus om der wis fan te wêzen datst in échte wylde ljipaaisiker fûn hast, moat sa’n man of frou lottere wurde. Dat kin gewoan yn it lân hear, yn in sleatsje mei knibbelheech wetter. Giet er fuortendaliks kopke ûnder, dan is it in farske ljipaaisiker, bliuwt er driuwen dan is er al fan ferline jier.
Myn advys? Doch dat lotterjen nea allinnich, want der binne yntusken ferhalen binnen kaam op de webside fan de Faunabeskerming dat wylde ljipaaisikers in grôt hekel ha oan wetter. Der skine al ferskate minsken ferwûne rekke te wêzen by it lotterjen. ‘Ach’, sei foarsitter Harm Niesen kalm doe’t er de berjochten hearde. ‘Gelukkig hebben we de foto’s nog."