Noarden stekt mei-inoar sân ton yn kulturele sektor

De fjouwer grutte stêden fan Noard-Nederlân en de trije noardelike provinsjes stekke mei-inoar sa'n 700.000 euro yn de fersterking fan de kulturele sektor. It doel is dat troch dy ynvestearring de hiele kulturele wrâld in sterkere basis krijt. Sa soene besteande kulturele festivals en projekten yn it Noarden mear mei-inoar oparbeidzje moatte.
Dêrtroch moat it makliker wurde om programma's rûn te krijen of sterke acts binnen te heljen. Ek soe der in nij noardlik produksjehûs komme moatte.
Troch better gear te wurkjen kin Noard-Nederlân better de konkurrinsje oan mei de kulturele projekten yn de Rânestêd. Ek soene sa besunigings fanút de lanlike oerheid better opfong wurde kinne. De noardlike oerheden dogge dit om mei-inoar better wurkje te kinnen oan saken as kultueredukaasje en talintûntwikkeling, seit kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert. De provinsje Drinte lit yn in reaksje witte dat se noch gjin jild tasein hawwe foar de mienskiplike kultuerambysjes. De provinsje Drinte is wol op de hichte fan it bestean fan it plan.