UNIS Flyers finalist BeNe League en Nederlânsk kampioen

13 mrt 2016 - 22:25
  • De iishockeyers fan UNIS Flyers
  • De Flyers wiene sneintejûn te sterk foar Geleen

Nei 33 jier ha de UNIS Flyers it Nederlânsk kampioenskip wer wûn. Troch de winst yn de heale finale fan de BeNe League op Geleen, en it ferlies fan Den Haag yn de oare heale finale tsjin it Belgyske Herentals, einigje de Flyers as bêste Nederlânske team en pakke sadwaande de nasjonale titel.

Herentals is de Belgysk kampioen. De Flyers wûnen yn Geleen mei 8-3 troch ûnder mear fjouwer goals fan Harry Matheson en twa fan Ronald Wurm. Herentals wûn mei 7-2 fan Den Haag. Ynset fan de finale is de titel kampioen fan de BeNe League.

Der wurdt noch gjin feest fierd op It Hearrenfean, want der stiet noch in wichtige wike op de aginda: dizze wike spylje de Flyers de grutte finale fan de BeNeLeague (België en Nederlân) tsjin Herentals. Dizze priis soe it seizoen kompleet meitsje, tinkt Flyers-foarsitter Henk Hoekstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)