Trainer Marcel Keizer: Heracles hie Cambuur 'bij de kloten'

13 mrt 2016 - 21:42

SC Cambuur stiet ûnderoan yn de earedifyzje, mar dochs sjocht trainer Marcel Keizer noch mooglikheden foar de Ljouwerter fuotbalklup. "We hebben nog zat kansen in wedstrijden om punten te halen en dat moet dan ook gewoon gebeuren", sei er nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Heracles.

Cambuur gong by de ploech út Almelo teloarstellend it skip yn mei 3-1. Dêroer sei Keizer: "In de eerste helft waren we de baas op het veld. Na de rust hebben ze ons bij de kloten gepakt en niet meer losgelaten en dat moeten we onszelf verwijten."

By de spilers Calvin Mac-Intosch en Sjoerd Overgoor wie de teloarstelling grut. Se hiene goede hoop om Heracles te ferslaan. "Ik dacht dat we het wel vol konden houden en zij waren ook niet echt gevaarlijk", sa seit Mac-Intosch. Sjoerd Overgoor hie ek wol wat krityk op it optreden fan syn eigen ploech: "Nadat we 1-0 voorkwamen, begonnen we niet meer te voetballen."

Nije wike spilet Cambuur thús tsjin Roda JC en wolle de Ljouwerters besykje de folle winst te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)