Follybalsters VC Snits mei 3-2 ôftroeve troch Set Up '65

13 mrt 2016 - 19:36

De follybalsters fan VC Snits ha it snein net opret tsjin Set Up '65. Yn de fiifsetter gong de winst mei 3-2 nei de ploech út Ootmarsum. Yn de earste set wist Snits oant trije kear ta net te skoaren fanút in oanfal wei en kaam Set Up op 1-0 foarsprong (setstân 25-22).

Yn de twadde set gongen beide ploegen earst lyk op, mar wûn VC Snits úteinlik mei 25-14. Set Up '65 pakte de winst yn de tredde set (25-19) en Snits wer yn de fjirde (25-21). De thúsploech wie úteinlik dochs te sterk foar de Snitsers en pakte de fiifde set mei 15-11.

De striid om it lânskampioenskip giet no tusken trije ploegen: VC Snits, Sliedrecht Sport en Set Up '65. Tongersdei spilet Snits thús tsjin Set Up.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Set Up
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)