Cambuur ferliest fan Heracles, wer lêste yn earedifyzje

13 mrt 2016 - 16:44

SC Cambuur is wer lêste yn de earedifyzje. De Ljouwerters rûnen tsjin in 3-1 ferlies oan tsjin Heracles Almelo. Yn in kwalitatyf net heechsteande wedstriid kaam Cambuur nei 33 minuten spyljen op foarsprong troch in hurd skot fan Jack Byrne. Dy skoare hie noch grutter wêze kinnen, want nei goed in healoere spyljen hie Martijn Barto in strafskop krije moatten, nei't er oan syn shirt lutsen waard.

Lykwicht

Nei it skoft lutsen de Heraclieden de stân wer yn lykwicht. Yn de rebound wie Wout Weghorst de man dy't de 1-1 tsjin de touwen skeat. Robin Gosens sette mei syn 2-1 yn it Polmanstadion Heracles op foarsprong. Fan de râne fan de 16-meter wie syn skot net te hâlden foar doelman Leonard Nienhuis. Yn de einfaze fan de wedstriid sette Cambuur oan. Kevin van Veen koe yn de 80e minút noch lykmeitsje, mar syn kopbal gong neist. Ek de kopbal fan Rai Vloet wie net goed genôch om de lykmakker op it boerd te krijen.

Iliass Bel Hassani makke de nederlaach foar de ploech fan Marcel Keizer noch wat ferfelender; yn blessueretiid makke hy de 3-1.
 
Troch it ferlies fan SC Cambuur nimme de Ljouwerters de saneamde 'reade lantearne' yn de earedifyzje wêr oer fan De Graafschap. Cambuur stiet no lêste mei 16 punten, De Graafschap hat ien puntsje mear troch in eardere 3-0 oerwinning dit wykein op Roda JC.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)