Ferankering teater Snits net goed, neffens ûndersyk

De oarsaak fan de stiennen dy't novimber ferline jier út de gevel fan teater Snits foelen is dat de ferankering yn de houtskeletbou ûnfoldwaande is. Dat docht bliken út in earste ûndersyk fan de gemeente Súdwest-Fryslân en in yngenieursburo. De goeie ferankering is net tapast en ek binne der te min ankers oanbrocht.
De rest fan it gebou sil no ek fierder ûndersocht wurde. Yn de rin fan dizze wike wurdt begûn mei it ferhelpen fan de skea. Oer de kosten fan it ekstra wurk kin noch neat sein wurde.