Grinzer rydt te hurd troch Ljouwert en fljocht út de bocht

13 mrt 2016 - 08:34

In autorider (25) út Grins hat sneon yn Ljouwert syn rydbewiis ferspile, omdat er fierstente hurd ried en boppedat tefolle dronken hie. De man foel de plysje earst op by it NS-stasjon. Op de Aldlânsdyk ried de man 119 kilometer de oere, wylst 80 km dêr de maksimumsnelheid is.

De man ried oer de Drachtsterwei de stêd út. Hy helle auto's rjochts yn, soe de Wâldwei opgean, mar ferlear op de oprit de macht oer it stjoer en bedarre yn de berm. De man is oanholden.

By oanhâlding die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen. In kameraploech fan it telefyzjeprogramma Wegmisbruikers hat de strapatsen filme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)