31 dielnimmers oan kursus songtekstskriuwe yn Neushoorn

13 mrt 2016 - 07:40

Wat is in goeie songtekst - en hoe skriuwe je dy? Mar leafst 31 dielnimmers hiene har opjûn foar in training, sneon yn muzyksintrum Neushoorn yn Ljouwert. Sy koene oan it wurk mei fjouwer profesjonele skriuwers, lykas Jan Tekstra en Jan de Vries.

It doel fan de workshop is om professionals en amateurs byinoar te bringen, nije lieten te skriuwen yn de eigen taal en nije muzyk te ûntwikkeljen. De organisaasje hopet dat dielnimmers harren ek opjouwe foar Liet. Dat kin noch oant 1 april.

Trefwurden: 
kursus songtekstskriuwe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)