Foppe de Haan: ''Kompliminten foar de ploech''

12 mrt 2016 - 22:53

It wie tige spannend yn it Philips Stadion, mar úteinlik wie der dan dochs in punt foar SC Hearrenfean. Yn Eindhoven spile de ploech fan trainer Foppe de Haan sneontejûn mei 1-1 lyk tsjin PSV. Nei de ôfgong fan it ôfrûne wykein tsjin FC Utrecht, kinne de Feansters it punt wol brûke.

Foppe de Haan toande him nei ôfrin fan de wedstriid posityf oer it resultaat. ''Kompliminten foar de ploech. Ferline wike wie it net goed, bist altyd benijd hoe't se harren werstelden. Ik bin dêrnei ek wol efkes lulk west, mar se hawwe it hjoed wer goed oppakt'', sa seit de trainer. Mar hy tinkt dat der noch wol mear ynsitten hie. ''As wy tûker west hiene", konkludearret De Haan.  

Dik verdiend

Ek oanfierder Mitchell Te Vrede is bliid mei it punt. ''Het was mooier geweest als het 1-0 was gebleven, of als we er nog eentje hadden kunnen maken. Maar ik denk dat dit punt dik verdiend is. We moeten vooral kijken naar het spel, daar kunnen we verder mee. We knokten nu wel echt voor elkaar.''

Debút foar Huizing

De 21-jierrige Willem Huizing fan De Harkema makke oan de ein fan de wedstriid syn debút yn it shirt fan SC Hearrenfean. ''Ik bin bliid mei myn debút, hjir dogge je it foar. Ik hoopje dat der noch folle mear minuten komme, en wa wit úteinlik in basisplak.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)