LDODK giet ûnderút tsjin DVO yn Bennekom

12 mrt 2016 - 21:12

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn mei 24-21 ferlern fan DVO yn Bennekom. Yn it earste part fan de wedstriid wie it in lykgeande striid tusken de twa ploegen. LDODK kaam mei 11-9 foar, mar koe it bettere spul net trochsette. Healweis de twadde helte rûn DVO út nei in foarsprong fan twa punten, wêrnei't de ploech úteinlik mei 24-21 dien wurk makke.

De Gordyksters komme takom wike wer yn aksje, yn sportsintrum Koartsweagen tsjin PKC út Papendrecht. PKC is koprinner yn de kuorbal league, LDODK stiet fiifde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)